"Ien Fryske hbo-ynstelling"

© Omrop Fryslân
Der moat ien ynstelling foar it heger beropsûnderwiis yn Fryslân komme. Dy oprop die kommissaris Nijpels tiisdei by it slaan fan de earste_peal fan it nije haadgebou fan de Noordelijke Hogeschool NHL. Hy pleite foar in fúzje tusken NHL en CHN. Bestjoers- foarsitter Kuipers reagearre posityf.
It gebou is ûnderdiel fan de nije kenniskampus en kostet 60 miljoen euro. De folsleine kosten foar de kenniscampus binne in 150 miljoen euro.