Ofstimming laad- en lostiden

© Omrop Fryslân
De tiden wêrop de winkels yn in soad Fryske stêden befoarriede wurde, feroarje de kommende moannen. In grut tal Fryske gemeenten wurket mei beheinde tiden foar it lossen fan frachtweinen yn de winkelstrjitten. De gemeenten stimme dy tiden no op elkoar ôf om foar te kommen dat alle frachtweinen as earste nei it plak gean dêr't de tiid it krapste is.
Yn Snits wurde de befoarriedingstiden troch de wike mei in oere ferlingd.