Kabinetsmiel Lauswolt by AH

Lauswolt yn Beetstersweach
By in tal Albert Heijn-supermerken binne fan tongersdei ôf mielen te krijen dy't betocht binne troch fiif Nederlânske topkoks, wêrûnder ien út Fryslân. Marc_van_Gulick wie lang sjef-kok fan Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach en is dêr no as direkteur einferantwurdlik foar de keuken.
It miel dat hy mei syn koks foar de kabinetsûnderhannelingen betocht hat, leit aanst foar 15 euro yn it skap.