Wer genôch toskedokters

19 jun 2007 - 12:40

It tekoart oan toskedokters en hûsdokters yn Fryslân is sa goed as hielendal oplost. In pear jier lyn kamen noch ferskate toskedokters fanút it bûtenlân nei ús provinsje omdat der in tekoart wie.

Ek it tekoart oan ferloskundigen en hûsdokters is sa'n bytsje fuortwurke. Doe't de tekoarten oan it ljocht kamen, soarge it ryk foar mear opliedingsplakken en dat hat blykber holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)