Hennepkwekerij Wurdum oprôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitemiddei yn Wurdum in lytse hennepplantaazje oan de Bredyk oprôle. Yn in hok by in wenning trof de plysje 50 folgroeide planten oan. Yn de wenning fûn de plysje ek nochris oardel kilo oan henneptoppen.
Alle planten en apparatuer binne troch Omrin ferneatige. Tsjin in 39-jierrige ynwenner fan it doarp is proses ferbaal opmakke.