Rob van Dijk langer by H'fean
Doelman Rob Van Dijk bliuwt ek it kommende seizoen yn tsjinst fan SC Hearrenfean.Van Dijk bliuwt achter Brian Vandenbussche de twadde doelman.
De 38-jierrige Van Dijk, dy't yn 'e winterstop oerkaam fan RKC Waalwyk, giet dêrneist ek noch as keeperstrainer oan 'e slach. Dêrmei ferfangt er Jacques Storm dy't nei 15 jier by de club weigien is.