Jong Oranje oan it turnen

© Omrop Fryslân
De fuotballers fan Jong Oranje hawwe moandeitemoarn turnles hân fan Tjalling van den Berg. Yn de sporthal neist it Abe Lenstrastadion diene se ûnder mear oefeningen op de trampoline en op de balke.
De training wie bedoeld foar de spilers dy't ôfrûne sneon yn it basisteam stiene yn de wedstriid tsjin België. Woansdei spilet it alvetal fan Foppe de Haan op It Hearrenfean de heale finale tsjin Ingelân.