De Plaat net beskerme

© Omrop Fryslân
Rekreaasjegebiet De Plaat foar de jachthaven by Skylge moat net oanwiisd wurde as beskerme gebiet. De gemeente makket beswier tsjin de oanwizing fan De Plaat as Natura 2000-gebiet, omdat it neffens de gemeente gjin natoergebiet is.
It wetterbekken is oanlein om slyk ôf te fieren út de jachthaven en wurdt brûkt foar kite- en wynsurfen. De Skylger jeugd krijt dêr sylles.