Fean iepenet tsjin Feyenoord

© Omrop Fryslân
SC_Hearrenfean stiet in lestige seizoensiepening te wachtsjen. De ploech fan trainer Gertjan Verbeek iepenet it nije seizoen lykas it foarich seizoen einige: mei in thúswedstriid tsjin Feyenoord.
Op 'e lêste spyldei fan ôfrûne kompetysje koe Hearrenfean Europeesk fuotbal feilichstelle. Feyenoord waard doe mei in 5-1 ferlies wer nei Rotterdam ta stjoerd troch ûnder mear fjouwer doelpunten fan Afonso Alves.