FNP: ûndersyk boaiemdelgong

© Omrop Fryslân
De FNP wol in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gefolgen fan de gaswinning foar de boaiemdelgong yn Noard-West Fryslân. De partij reagearret dêrmei op útspraken fan saakkundige Houtenbos.
Dy eardere topûndersiker fan de Nederlandse Aardoliemaatschappij hat sels ûndersocht dat de boaiemdelgong yn Noard-West Fryslân wol oer de tweintich sintimeter komme kin. De fergunning giet út fan 10 sintimeter yn 2016.