Jonges Bontekoe tenniskampioen

18 jun 2007 - 11:01

De jongesploech fan tennisferiening De Bontekoe fan Ljouwert is snein kampioen fan Nederlân wurden. It team bestie út Niels Lootsma, Bas van der Zee, Marco Pannebarco en Kostas Vlahakis.

Yn de heale finale yn Breda waard mei 6-0 wûn fan Heksenwiel. Yn de finale waard Boskreek út Breskens mei 5-1 ferslein. Opfallend oan dit kampioenskip oant en mei 17 jier is de leeftiid fan de Ljouwerters: 13 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)