'Hûs fan de Feanbaas' iepene

17 jun 2007 - 18:06

Yn it iepenloftmuseum it Damshûs yn Nij Beets is dit wykein de nijste oanwinst iepen gien. It giet om it Hûs fan de Feanbaas. Oan de bou fan it hûs is trije jier wurke en de kosten fan it projekt wiene 165.000 euro.

It is it grutste projekt oant no ta foar it iepenloftmuseum. Sa waard by foarige projekten allinich wurke mei frijwilligers en by de bou fan it Hûs fan de Feanbaas is foar it earst ek gebrûk makke fan in oannimmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)