Bodde en Huurman FK tennis

17 jun 2007 - 16:39

Stefan Bodde fan Dokkum is snein Frysk kampioen tennis by de manlju wurden. Hy fersloech yn de finale Frank Zeer fan Goutum mei 6-2, 3-6 en 6-0. Bodde stie ferline jier ek yn de finale mar doe ferlear er fan Joost Willekes.

By de froulju waard Marlies Huurman fan Harns Frysk kampioen. Se wie yn de finale mei 6-4 en 6-1 te sterk foar Floor Snoeijing fan Ljouwert. Huurman stie al twa kear earder yn de finale, mar dit wie har earste einoerwinning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)