Mishanneling yn Easterwâlde

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan in ynwenster (56) fan Easterwâlde. De frou fytste freed om 22.00 oere oer de Prandinga yn har wenplak. Ynienen kaam in jongere njonken har fytsen dy't har bril pakte.
De frou koe de bril pakke, wêrnei't de jonge losliet. In oare jongere stompte de frou sûnder reden yn it gesicht. De frou fytste doe hurd troch. Se hie in stikkene bril en in dik wang. De plysje hat noch socht mar net ien fûn.