Argyf Skier yn te sjen

© Omrop Fryslân
Wa't mear witte wol oer de skiednis fan Skiermûntseach, kin fan moandei ôf sykje yn it âlde gemeente-argyf fan it eilân. Der is in ynventarisaasje makke fan de stikken dy't tusken 1811 en 1945 produsearre binne.
Fan de nijere stikken wie al in yndeks makke. It argyf lei oant jannewaris yn in opslach, mar krige dêrnei in plakje yn it nije gemeentehûs. Dêr is it ek wer yn te sjen.