Jong Oranje winner Poule A

Trener Foppe de Haan
It Jong Oranje fan Foppe de Haan is op it Europeesk kampioenskip groepswinner wurden fan poule A. De lêste poulewedstriid waard mei 2-2 lykspile tsjin Belgie. Dat wie ek foar de Belgen genôch om de heale finale te berikken. De goals fan Nederlân waarden makke troch Rigters en Drenthe.
Om't de ploech fan Foppe de Haan groepswinner wurden is, meie se woansdei de heale finale yn it Abe Lenstra-stadion spylje.