Simmerfestival krijt ferfolch

© Omrop Fryslân
It Simmerfestival yn Drachten kriget in ferfolch. De earste edysje fan it trijedaachske barren wurdt sneon ôfsletten mei in muzykstik opfierd troch fyftich motoaren. Op it festival binne keunstners, dûnsers en ferskate acts te sjen. De gemeente fynt dat der mei 15.000 besikers in ferfolch komme moat. It jild is gjin probleem. Dit jier hat de 100-jierrige Wenningbouferiening Smellingerlân it measte betelle.