Brânwachtwedstriid yn Dokkum

Ien fan de spultsjes wie in grutte bal nei de oare kant ta rôlje
Brânwachtkorpsen hawwe it sneon tsjinelkoar opnommen op in brânwachtrally yn Dokkum. Dat is in sportdei dêr't de brânwachtminsken behendichheidspultsjes dwaan moatte, mar ek eefkes byprate kinne oer harren fak.
Der is omraak belangstelling foar it jierlikse barren. De dielnimmers binne yn 'e regel hiel fanatyk. De brânwachtdei wurdt sneontejûn ôfsletten mei in optocht.