Rûzje oer muzyk: auto slipt

© Omrop Fryslân
In rûzje oer muzyk hat sneontemoarn in auto-ûngelok feroarsake by Raerd. De bestjoerder (48) út Ljouwert woe in oare radiostjoerder opsette, mar krige dêroer wurden mei in passazjier. Beide giene mei de hannen nei de radio.
De bestjoerder seach dêrtroch net mear nei de dyk en rekke de macht oer it stjoer kwyt. Al slippend gie de auto fan 'e rjochter nei de linkerkant fan 'e dyk en rekke in stekje. Hy kaam úteinlik yn in greppel telâne.