Auto pear kear oer de kop

16 jun 2007 - 14:54

By Burgum is freed in man (39) út Feanwâlden ferwûne rekke doe't er mei de auto in pear kear oer de kop fleach. Op de Alde Kommisjewei moast er achter in frachtwein foar in stopljocht wachtsje.

Doe't it ljocht op grien sprong, woe er de truck oer de linkerútfoechstrook ynhelje. Mar de auto rekke de fangrail en begûn te rôljen. De bestjoerder waard út de auto weislingere. Hy hat yn alle gefallen in brutsen skonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)