Auto achterút tsjin frou oan

16 jun 2007 - 14:17

Yn Dokkum is in frou (57) út Raard ferwûne rekke. Se waard yn 'e Stroobosserstege oanriden troch in achterútridende auto fan in parkearplak. De bestjoerder hat har nei alle gedachten oer de holle sjoen.

De ferwûnings liken earst ta te fallen en dus is de man fierder riden. De plysje wol no graach yn kontakt komme mei tsjûgen fan it ûngelok of mei de bestjoerder. De ûngelok wie freedtemoarn tsjin de middei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)