Borrelbus werom yn Berltsum

16 jun 2007 - 13:31

Diskogongers kinne tenei wer mei de borrelbus nei Berltsum. De twa diskoteken yn it doarp hawwe in oerienkomst sletten mei busbedriuw Connexxion. In inkelde reis kostet 5 euro en in retûr 8.

De bussen ride fan 23 juny ôf. De earste bus komt jûns om alve oere oan en de earste bus werom riidt om twa oere nachts. Der kin opstapt wurde yn Ljouwert, Harns, Tsjom en Hallum. De nije borrelbus hjit Nightliner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)