Soad pech by Spurttreinen

16 jun 2007 - 12:50

Ferfiersbedriuw Arriva hat grutte problemen mei de nije Spurttreinen. Ofrûne wike binne ferskate treinen mei motorpech útfallen. Op de trajekten fan Arriva ride sûnt koart tritich nije treinen. De Switserske fabrikant lit ekstra minsken ynfleane om de problemen op te lossen.

De nije treinen binne it ôfrûne heal jier geandeweis yn gebrûk naam. Noch ûndúdlik is wannear't de tsjinstferliening wer op peil is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)