Enkête oer opfolger Dales

16 jun 2007 - 12:31

Goed 450 Ljouwerters hawwe meidien oan in enkête oer de nije boargemaster fan 'e haadstêd. Op dit stuit wurdt neitocht oer de easken dêr't de opfolger fan boargemaster Dales oan foldwaan moat. De boarger hat dêr ek in stem yn. Op ynternet kamen 350 reaksjes yn. Hûndert persoanen diene skriftlik mei.

De ynternetenkête is freed ôfsletten. Moandei wurdt de balâns opmakke fan alle reaksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)