Braziliaan nimt Plusfood oer

© Omrop Fryslân
It Fryske hinnefleisbedriuw Plusfood wurdt oernommen troch in Braziliaansk bedriuw, Perdigão. Dat is de ien nei grutste produsint yn it Súd- Amerikaanske lân. Perdigão soe 30 miljoen euro foar Plusfood oer hawwe.
Plusfood is fral bekend fan de djipfries Friki-hin en hat de haadfestiging yn Easterwâlde. Dêr wurkje 250 minsken. Fierder hat Plusfood produksjefestigings yn Ingelân en Roemenië.