26ste Oerol freed los

15 jun 2007 - 17:18
  • It is Jos Thie syn earste Oerol

Foar it earst yn 26 jier hat Oerol in oare artistyk lieder. It kulturele festival op Skylge is no yn hannen fan regisseur Jos Thie. Hy nimt foar ien kear it stokje oer fan Joop Mulder dy't it rêstich oan dwaan moat. Freedtejûn wurdt Oerol iepene troch minister Plasterk fan Kultuer.

Der wurde dizze wike in 50.000 minsken op Skylge verwachte. Der binne hast 50 ferskillende teaterstikken op it eilân te sjen. It tema is 'Sterke Ferhalen'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)