Foppe wol prate oer systeem

15 jun 2007 - 15:06
  • Foppe wol mear 4-4-2 spylje

Foppe de Haan wol de diskusje oer de Nederlânske spylstyl serieus op gong bringe. Neffens de bûnscoach fan Jong Oranje is it ûnmooglik om op ynter- nasjonaal nivo altyd yn in 4-3-3 formaasje te fuotbaljen, sa't de nasjonale teams fan Nederlân dogge.

De Haan skeakele foar it begjin fan it EK mei sukses oer op it 4-4-2 systeem. Neffens him is dat systeem dynamysker. Hy is fan doel der nei it EK ek mei bûnscoach Van Basten oer te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)