Ankers gear oer HIV-saak

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter advokatekantoar Anker en Anker sil de haadfertochte yn de Grinzer HIV-saak bystean. De man hat syn earste advokaat, Menno Hoekstra, oan 'e kant set.
De fertochte (48) soe op seksfeesten yn Grins meardere manlju ynjekteard ha mei HIV-besmet bloed. Wêrom't de man in oare advokaat woe, is net dúdlik. De fertochte hat it Ljouwerter advokatekantoar sels benadere. Hans Anker neamt de saak yngewikkeld.