Harnzer haven miskien grutter

15 jun 2007 - 14:29

Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat slút in útwreiding fan de haven yn 'e Waadsee net út. Sa 'n bûtendykse útwreiding waard noch ferbean yn in de tredde nota foar de Waadsee dy't ferline jier yngien is.

Minister Eurlings skriuwt de Twadde Keamer dat hy dy nota oanpasse kin as de provinsje Fryslân in goed ûnderboud plan yntsjinnet. De provinsje moat dan wol oantoane dat sa'n útwreiding de natuer net oantaast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)