Kafee Winsum ynkoarten ticht

15 jun 2007 - 11:09

It kafee yn Winsum giet ynkoarten ticht. De eigners fan De Driesprong sizze net langer de konkurrinsje oangean te kinnen mei it nije multyfunksjonele sintrum yn it doarp. Tsjin de ferwachtings yn hat it sintrum in hoarekafergunning krigen.

De eigners binne no lulk op de gemeente. Dy hie tasein dat yn doarpen mei in kafee de doarpshuzen net sa'n fergunning krije soene. Boargemaster Liemburg seit neat dwaan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)