Dna lost sedemisdriuwen op

© Omrop Fryslân
Sedemisdriuwen út 1995 en 2003 binne oplost troch de fergeliking fan dna- materiaal. In man (30) út Ljouwert hat tajûn dat er yn 1995 yn Ljouwert in frou ferkrêfte hat. Hy waard dit jier oanhâlden by in ynbraak yn Burgum.
In man (30) út Assen moast dna ôfstean yn it ramt fan de wet 'afname DNA bij veroordeelden'. Hy siet in straf út yn Feanhuzen. Syn dna-profyl komt oerien mei dat fan in man dy't 2003 yn Ljouwert in jonkje (11) misbrûkte.