Suksesfolle eksamens op Amelân

14 jun 2007 - 23:54

Alle tritich eineksamenkandidaten fan de Boargemaster Waldaskoalle foar VMBO op it Amelân binne slagge. Direkteur Louise van Felius is dêrmei tige tefreden. De eineksamenlearlingen fan de BWS skoare alle jierren goed. Yn de ôfrûne 19 jier is der mar ien learling sakke.

In tal learlingen sil noch wol hereksamens dwaan om sa te besykjen in heger einsifer te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)