'Tekoart oan staazjeplakken'

14 jun 2007 - 23:50

De ferplichte maatskiplikke staazje dy't it nije kabinet ynfiere wol yn it fuortset ûnderwiis soarget mooglik foar grutte krapte yn staazjeplakken foar it beropsûnderwiis. Dat ferwachtet Klaas Koops, foarsitter fan it bestjoer fan it Friesland College.

Yn it beropsûnderwiis wurdt in hiel soad staazje rûn troch learlingen. At ek learlingen fan it fuortset ûnderwiis op staazje moatte soarget dat foar te grutte konkurinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)