Saak Uneputty by Steatsried

14 jun 2007 - 17:46

Daniel Uneputty, de presidint fan de Amsterdamse Hells Angels, hopet dat de Raad van State de Fryske plysje twingt him in befeiligersfergunning te jaan.

Syn riedsman sei woansdei dat Uneputty de ôfwizing sjocht as in wurkstraf. De Hells Angel wol graach wurkje by in befeiligingsbedriuw út Heech. De plysje wol him dêrfoar gjin fergunning jaan om't der ûnbetrouber wêze soe. De Raad van State docht oer in pear wiken útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)