SP wol Frysk ferfiersbedriuw

© Omrop Fryslân
De SP yn de Fryske Steaten wol dat der in Frysk ferfiersbedriuw komt. De reden dêrfoar is dat busmaatskippij Connexxion de ôfspraken net neikomt. Sa is de service min en giet it bedriuw net goed mei it personiel om. Deputearre Steaten moatte Connexxion in boete oplizze, fynt de SP.
De FNP is ek kritysk oer Connexxion. Deputearre Adema moat it bedriuw foar it blok sette, oars moatte der maatregels folgje.