Roemeenske oplichters aktyf

In bende Roemenen besiket nepgouden sieraden oan de man te bringen. Neffens de plysje giet it om mear as tsien oplichters. Se hawwe ûnder oare dwaande west yn Ljouwert, Snits, Wolvegea en op 'e Jouwer.
De oplichters biede ringen en kettings oan en fertelle dêrby dat se jild nedich hawwe om te reizgjen. In pear Friezen binne der sa ynluze, mar de measte minsken seagen wol dat it spul luzen hie en kochten neat.