Ypsykte: beammen A7 moatte om

Alle ipen oan de A7 by Boalsert gean fan tiisdei ôf tsjin de flakte. De beammen binne besmet mei de ypsykte. Omseagje is de iennige manier om fersprieding foar te kommen. Mei it delheljen ferdwynt 80 persint fan de beammen oan de A7 by Boalsert. De Iepenwacht Fryslân sil de beammen omseagje. Ferskillende op- en ôfritten fan de A7 wurde yn ferbân mei it wurk tydlik ôfsletten. Dat sil sa folle mooglik bûten de spits om barre.