Wetter Akkrum hast wer op druk

14 jun 2007 - 12:00

Ynwenners fan Akkrum en Nes krije pas freed wer wetter út de haadtransportlieding. Dy rekke it ôfrûne wykein lek. Wetterbedriuw Vitens kaam derachter nei klachten oer in legere wetterdruk.

It lek is makke, mar earst moat út in monster dúdlik wurde dat it feilich is de haadtransportlieding te brûken. Oant dy tiid wurdt de needlieding brûkt en kin de wetterdruk yn Akkrum en Nes wat leger wêze as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)