Priis foar Omropdokumintêre

14 jun 2007 - 11:27

In tv-dokumintêre fan Omrop Fryslân hat in priis wûn fan 'e Nederlândske Feriening foar Lân- en Túnbousjoernalisten. Dy is bedoeld om de agraryske sjoernalistyk te stimulearjen. En dat docht Swanhilde de Jong mei har 'Alde rassen, nije takomst', fynt de sjuery.

It is 'in sfearryk program, mei in alsidich ûnderwerp, dat gjin momint ferfeelt.' De priis is takend yn de kategory multimedia/ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)