Skipper Ulbe Zwaga stapt op

Ulbe Zwaga
Ulbe Zwaga stapt op as skipper fan it Ljouwerter skûtsje. Neffens foarsitter Huib Jan de Graaf fan it Ljouwerter skûtsje giet Zwaga fuort omdat er it te drok hat mei syn wurk. Dêrtroch kin er te min traine. Ek fynt Zwaga it dreech om as lieder syn bemanning oan te stjoeren.
De Graaf ûntkent dat it opstappen fan Zwaga te krijen hat mei in ynsidint yn in kroech yn Snits. Zwaga soe dêr spul hân hawwe oer it beteljen fan drank.