Foppe mei Jong Oranje nei Sina

13 jun 2007 - 23:02

Jong Oranje hat woansdei skiednis skreaun troch yn Grins kwalifikaasje foar de Olympyske Spullen yn Peking te fertsjinjen. Dit doel waard berikt troch mei 2-1 fan Portugal te winnen. Ryan Babel iepene de skoare mei in penalty. Yn de twadde helte skoarde Maceo Rigters foar Jong Oranje. Veloso skoarde út in frije traap 2-1.

It is foar it earst sûnt de Olympyske Spullen fan Helsinki (1952) dat Oranje nei de Olympyske Spullen giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)