Thewis Hobma fierwei it fierst

13 jun 2007 - 22:33

Thewis Hobma fan Easthim wie woansdeitejûn de grutte winner fan it fierljeppen yn Drylts. Mei 19 meter en 24 sentimeter wûn hy de topklasse. Dizze ôfstân betsjutte ek in nij skânsrekord. Dat stie sûnt it NK fan ferline jier op namme fan Bart Helmholt mei 19.17 meter. Oane Galama waard twadde mei 18.70 meter.

De oare deititels wiene foar junior Erwin v.d. Heide,Janneke Noordmans by de froulju en Alwin Fonk by de jonges.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)