Direksje offisjeel yn funksje

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is woansdei de direksje fan de hulpverleningsdienst Fryslân offisjeel ynstalleard. Carla_Dubbelman en Marcel_Siliakus foarmje de direksje fan it oerkoepeljend orgaan fan de brânwacht en de GGD/GHOR. Sy moatte der foar soargje dat alle helptsjinsten yn Fryslân aanst perfekt tared binne op rampen.
De direksje wol dat de brânwacht en de GGD goed gearwurkje, sûnder dat dat ten koste giet fan it ´gewoane´ wurk.