'Seehûnekres smyt banen op'

13 jun 2007 - 21:23

De mooglike ferhuzing fan de seehûnekres nei de Kollumerwaard is in grutte stimulâns foar de wurkgelegenheid yn dat gebiet. Dat seit wethâlder Tjisse Hogendorp fan de gemeente Kollumerlân.

Op it terrein fan it eardere krûtfabryk ûntwikkelt Phanos in wen-soarchkompleks yn gearwurking mei soarchynstelling Noarderbreedte. De seehûnekres soe dêr goed by passe, seit in wurdfierder fan Phanos.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)