Friesland Foods slút 'Grins'

13 jun 2007 - 17:26
  • It fabryk fan Friesland Foods yn de stêd Grins

Friesland Foods slút syn suvelfabryk yn Grins. De sluting hat gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid yn Fryslân. Dat meldt wurdfierder Rob van Dongen fan Friesland Foods. It fabryk yn Grins wurdt sletten om kosten te besparjen.

De produksje fan molke, fla en yoghurt ûnder de merknamme Friesche Vlag sil medio takom jier oerbrocht wurde nei it fabryk yn Nijkerk. Yn Grins ferdwine santich arbeidsplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)