Opsterlân: horeka earder ticht

© Omrop Fryslân
De ried fan de gemeente Opsterlân hat tiisdei ynstimd mei in moasje dy't it ryk freget om strange regels foar betidere slutingstiden yn de horeka.
De moasje wurdt ferstjoerd nei steateleden, en de ministers en keamerkommisjes fan Folkssûnens en Jeugd en Gesin. Ek giet de moasje nei it horekabûn en de feriening Nederlânske gemeenten. De moasje is in gefolch fan de aksje Vroeg op Stap fan twa memmen út Sigerswâld.