Seehûnen nei Kollumerwaard

De festiging fan de seehûnekresj fan Lenie 't Hart yn de Kollumerwaard is sa goed as wis. Allinnich as in oare gemeente in superoanbieding docht, kin de ferhuzing noch opkeard wurde.
Projektûntwikkelder Phanos en soarchgroep Noorderbreedte ha in plan foar 350 fakânsjewenten op it terrein fan it eardere krûdfabryk. It bedriuw wol de kres graach by it kompleks ha. Phanos biedt dêrom fergees grûn oan en wol oan de eksploitaasje meibetelje.