Nije libellen yn Fochtelerfean

De flekte wytsnut, ien fan de ûntdekte libelsoarten
Yn it Fochtelerfean binne twa nije libellesoarten ûntdekt troch in ûndersiker fan Natuurmonumenten. It giet om de glêssnijer en de flekte wytsnútlibel.
Dêrmei binne der yn totaal fjirtich libellesoarten sjoen yn it gebiet. It Fochtelerfean is sa ien fan de rykste libellegebieten fan it lân. Dat komt om't it reinwetter yn it gebiet safolle mooglik fêsthâlden wurdt. De libellen profitearje dêrfan.