Undersyk nei deade man

13 jun 2007 - 11:12

De plysje docht ûndersyk nei de dea fan in ynwenner fan Kollum. It lichem fan de deade man waard tiisdei yn syn wenning yn Kollum oantroffen troch in famyljelid. De man hat nei alle gedachten wiken dea yn syn wenning lein.

De plysje giet der fanút dat de man in natuerlike dea stoarn is. De plysje koe noch gjin meidielings dwaan oer de identiteit fan it slachtoffer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)