PvdA: betrouwen yn fraksje

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de PvdA yn Littenseradiel hat betrouwen yn har gemeenteriedsfraksje. Dat seit foarsitter Arie van Vliet. It bestjoer hat tiisdei praat oer de krisis yn de gemeente.
De PvdA-fraksje stipe in moasje fan wantrouwen tsjin PvdA-boargemaster Liemburg. Dy waard dêrtroch oannommen. Liemburg hat noch net oanjûn wat se mei dat gegeven docht. PvdA-wethâlder Hernamdt wit ek net oft se bliuwt.